Ierdkarre
In ierdkarre is in houten karre mei in losse laadbak op in ûnderstel mei trije tsjillen. In ierdkarre waard brûkt foar it modderriden, mar ek foar it ferfier fan bygelyks molkbussen en lytsguod en, útrist mei in jarrebak, foar it jarjen.
Nei de oarloch, doe't it hynder starichoan ferfongen waard troch de folle sterkere trekker, waard de ierdkarre ferfongen troch gruttere weinen.