Ierlitten
Ierlitten is it iepenjen fan in ier mei it doel om bloed ôfrinne te litten. Der waard lang tocht dat it ierlitten in remeedzje foar tal fan syktes en krupsjes wie. Ierlitten waard yn de Aldheid al tapast en wie oant yn de 19e iuw part fan de medyske praktyk.
Ierlitten wie it wurk fan de sjirurgyn, mar ek fan de barbier.
Yndikaasjes yn de moderne genêskunde
bewurkje seksje- It bloedôfnimmen foar in bloedtransfúzje.
- By izersteapelingssykte hemogromatoaze, om de fierstente grutte hoop izer, dy't yn de reade bloedsellen opslein is ta normale wearden te bringen.
- By polysytemia vera is der sprake fan oanmeitsjen fan tefolle reade bloedsellen en kin regelmjittich ierlitten fertuten dwaan.
- Yn gefal fan grutte need by astma kardiale, it akute hertfalen, as in grutte fermindering fan sirkulearjend bloed/focht nedich is. In dokter sil dan gau in fochtôfdriuwend middel jaan, daliks yn de ier. It tapassen fan ierlitten is dan ek beheind ta sitewaasjes wêryn't sa'n medisyn net oanwêzich is.