Iggy Pop, berne as James Newell Osterberg jr. (Muskegon (Michigan), 21 april 1947), is in Amerikaanske rock- en punksjonger. Iggy Pop syn earenamme is The Godfather of Punk. Yn maart 2010 waard Iggy Pop opnaam yn de Rock and Roll Hall of Fame.

Iggy Pop
sjonger en/of muzikant
Iggy Pop yn 2012
Iggy Pop yn 2012
persoanlike bysûnderheden
echte namme James Newell Osterberg jr.
nasjonaliteit flagge fan de Feriene Steaten Amerikaansk
berne 21 april 1947
berteplak Muskegon (Michigan)
wurkpaad
sjenre punkrock, protopunk, garaazjerock, glampunk, shockrock, glamrock, hardrock
sjongtaal Ingelsk
ynstrumint stim, gitaar
jierren aktyf 1960-jierren – no

Biografy bewurkje seksje

Jonkheid en The Stooges bewurkje seksje

 
Iggy Pop yn 1965

Osterberg groeide op yn in wenweinkamp tichtby Ann Arbor yn Michigan. Syn âlden wiene konservative kristenen. Yn de jierren 60 spile er as drummer yn de bantsjes The Iguanas en The Prime Movers. Yn 1967 rjochte er mei gitarist Ron Asheton, drummer Scott Asheton en bassist Dave Alexander The Psychedelic Stooges op, letter ferkoarte ta The Stooges. Om dy tiid hinne naam er de poadiumnamme Iggy Pop oan. Har debútalbum mei deselde namme ferskynde yn 1969, folge troch Fun House yn 1970. Beide albums koene ôffallende ferkeapsifers. Nei 't harren platekontrakt mei Elektra opsein waard, hold de groep it foar der mei op.

Yn dizze perioade rekke Pop befreone mei David Bowie, dy't him oertsjûge om The Stooges nij libben yn te blazen. Mei de nije gitarist James Williamson en Bowie as produsint naam de groep it agressive album Raw power op. Ek dat album wie gjin kommersjeel sukses en de groep waard op 'e nij opheft.

Solokarriêre bewurkje seksje

 
Iggy Pop by in optreden op Pinkpop, 1987

Bowie naam him mei op toernee en yn 1976 kamen se tegearre yn Berlyn te wenjen, dêr't de punkbeweging krekt op gong kommen wie. Earst yn dizze perioade krigen The Stooges as protopunkband echt erkenning foar harren muzyk. De ynfloed dy 't se hiene op de Dútske rockscene wie dan ek bot fielber.
Bowie besleat om Pop ûnder syn hoede te nimmen en him as produsint te helpen mei syn solo-karriêre. Dat resultearre yn twa albums: The Idiot en Lust for Life (beide út 1977). Dêrnei soe Bowie acht moanne lang funksjonearje as toetsenist en achtergrûnsjonger yn Pops nije band The Iguanas. Bowie soe yn karriêre ek in soad fan Pop's ferskes opnij opnimme en útfiere.

The Stooges treden fan 2003 ôf wer op yn ferskate gearstallings. Yn oktober 2006 sette de groep útein mei opnamen foar it earste Stooges-album sûnt tritich jier. It album ferskynde yn maart 2007 mei de titel The Weirdness. It folgjende album, Ready to Die, ferskynde yn 2013. Yn 2016 sei gitarist James Williamson dat The Stooges gjin takomst mear hie.

Yn 2016 ferskynde yn gearwurking mei Josh Homme it soloalbum Post Pop Depression. Neffens Pop soe dit nei alle gedachten syn lêste album wurde. Yn 2018 ferskynde lykwols de EP Tea-time Dub Encounters, yn 'e mande mei Underworld, mei 4 tracks.

Yn syn hiele karriêre stiet er bekend om syn bûtenwenstige en net te foarsizzen poadiumkaprioalen, poëtyske teksten en kenmerjende stim. Hy wie ien fan de earste artysten dy't in poadiumdûk (stage diving) makke en dy aktiviteit populêr. Pop, dy't tradisjoneel (mar net allinne) mei ûntbleate boppeliif optreedt, fierde ek sokke poadiumtrúks út as rollen yn brutsen glês en him bleatjaan oan it publyk.

Film bewurkje seksje

Iggy Pop spile rollen yn ûnder oare Tank Girl, Coffee and Cigarettes, Cry-Baby, Dead Man en Suck. Hy hie ek in rol in ferskate muzykdokumintêres, bygelyks de Stooges-dokumintêre Gimme Danger fan Jim Jarmusch en de dokumintêre To Stay Alive: A Method. Fierder wie Pop de ferteller yn de rol fan Nothing yn de dokumint êrefilm In Praise of Nothing (2017). Ien fan de bekendste films dêr't syn nûmer Lust For Life yn te hearren is, wie Trainspotting.

Priveelibben bewurkje seksje

Pop hat trije kear troud west; yn 1968 (twa wiken lang) mei Wendy Weissberg, fan 1984 oant 1998 mei de Japanske Suchi Asano en fan 2008 ôf mei Nina Alu. Yn 1969 waard er heit fan in soan, Eric Benson.

Prizen bewurkje seksje

In kar:
Hy waard yn 2010 as lid fan The Stooges opnaam yn de Rock and Roll Hall of Fame. Yn jannewaris 2020 ûntfong Pop in Grammy Lifetime Achievement Award.

Diskografy bewurkje seksje

Keppeling om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: