Ignacy Krieger
Ignacy Krieger (berne yn 1817 of 1820 yn it bûten Mikołaj, distrikt Wadowice (tsjintwurdich yn de stêd Wadowice); ferstoarn op 17 juny 1889 yn Krakau) [1] wie in Poalske fotograaf út Krakau. Hy wie de eigener fan in fotostudio dy't de stêd en syn monuminten dokumintearre.
Libben en wurk
bewurkje seksjeIt is net bekend wêr't er en by wa't er fotografy studearre.
Yn 1860, nei't er weromkaam fan in bûtenlânske reis, dêr't er syn feardichheden by ferbettere, ferhuze er nei Krakau en fêstige dêr in atelier. Yn maaie fan datselde jier sette er in advertinsje yn "Czas" wêryn't stie dat er portretten, medaljons, groepsfoto's, "lânskipsgesichten" en foto's fan gebouwen makke. As fotograaf krige er gau in hege posysje yn de stêd. [2] Om 1864 hinne hied er ek in filiaal yn Tarnów. [3]
Nei in twadde bûtenlânske reis yn 1865 ferhuze it atelier nei in hierhûs op de hoeke fan it Grutte Plein en ul. st. Jana.
Krieger stoar yn 1889 en waard beïerdige op it nije Joadske begraafplak yn Krakau.
Húshâlding
bewurkje seksjeKrieger troude mei Hani (Anna) fan Thieberger, mei har hie er fiif bern. De twa âldsten: Natan (1844-1903) en Amalia (1846-1928) wiene ek fotografen en holden it bedriuw yn it wurk tegearre mei harren heit en giene troch nei syn dea. Sy wiene lid fan de 'Feriening fan leafhawwers fan skiednis en monuminten fan Krakau', dy't foto's út de studio fan de Kriegers brûkte, bygelyks yn harren tydskrift "Rocznik Krakowski".
Technyk
bewurkje seksjeYn it earstoan brûkte Krieger it kollodiumprosedee, dat er nei de midden fan de jierren 1880 ferfong troch broomgelatine. De wiete kolloadiumplaat ferdwûn lykwols net hielendal út it fabryk fan Krieger en waard ek nei 1890 noch brûkt yn de reproduksjefotografy.
Keppeling om utens
bewurkje seksje- Foto's fan Ignacy Krieger yn de digitale bibleteek Polona
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Ignacy Krieger fan Wikimedia Commons. |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|