Iisreus (planeet)

In iisreus is in planeet dy't grutter is as de fan izer en stien opboude "ierdske planeten", mar dy't lytser is as de gasreuzen Jupiter en Saturnus (mei efterelkoar massa's fan 315 en 95 kear dy fan de Ierde).

De twa iisreuzen yn ús sinnestelsel

Uranus en Neptunus binne yn us sinnestelsel de iisreuzen (mei massa's fan efterelkoar 14,5 en 17,5 kear dy fan de Ierde).

Yn it ferline waarden Uranus en Neptunus by de gasreuzen rekkene, mar út harren hegere soartlike massa die bliken dat hja út swierdere matearje bestean moasten. Hie dat net it gefal west, dan soe de soartlike massa earder noch leger wêze moatte, om reden fan de lytsere massa en swiertekrêft, en mei fan gefolgen de legere gearparsing fan it materiaal.

Tsjintwurdich wurdt oannaam dat Uranus en Neptunus mar út sa'n 5 oant 10% út wetterstofgas en heliumgas bestean (dêrneffens: Jupiter en Saturnus bestean foar 80 of 90 % út dy gassen) en dat it grutste part fan de massa yn in kearn konsintrearre is, dy't foar in part út izer en silikaten (stientme) bestiet (20 oant 25 % fan de massa) en in mantel dy't út wetter, metaan en ammoniak) (70% fan de massa) bestiet.

Ut soarte moat hjir net fan "iis" praat wurde. De lêstneamde stoffen binne by de lege temperatueren yn de romte om Uranus en Neptunus en harren satelliten (likernôch -170 graden Celsius) yndie fêst, mar it ynderlik fan dy planeten hearskje hege temperatueren (oant tûzenen graden Celsius) en hege druk (oant in pear miljoen atmosfearen), dat wetter, metaan en ammoniak sille dêr earder foarkomme as ticht plasma, dan as fêste stof.