In Iiswegesintrale is in organisaasje dy't him ynset om de feilichheid op it iis te befoarderjen en de dielnimming oan it reedriden op natueriis (op fearten, kanalen en marren) te stimulearen. De iiswegesintrale makket dat mooglik troch de dikte fan it iis te kontrolearjen op betrouberens en banen út te setten, wekken en gefaarlike plakken op it iis ôf te setten en banen safolle mooglik frij fan snie te hâlden. As it iis sterk genôch is dat in toertocht hâlden wurde kin, wurde paadwizers oanbrocht en eventueel foar klúnplakken soarge. In iiswegesintrale jout syn meiwurking oan alvestêdetochten as de rûte troch harren gebiet rint.

Keppeling om utens

bewurkje seksje