Ilford is in wyk yn it noardeast Londenske bestjoerlike krite Redbridge, yn de regio Grut-Londen.[1] It leit 9 km noardeastlik fan Charing Cross en is ien fan de grutte sintrums fan de stêdekloft.

Ilford
Redbridge Town Hall oan Ilford High Road
Redbridge Town Hall oan Ilford High Road
Bestjoer
Lân Ingelân
Distrikt Redbridge
Regio Grut-Londen
Oar
Tiidsône (UTC+0)
Simmertiid (UTC+1)
Offisjele webside
www.ilford.org.uk
Sintrale bibleteek en museum, Clements Road
Spoarstasjon fan Ilford

Ut de skiednis

bewurkje seksje

Ilford komt yn it Domesday Book (1086) foar as Ilefort.[2] wat furde fan de Hyle betsjut. Hyle is in âlde namme foar de rivier de Roding. It âldste bewiis fan minsklike bewenning is in soarte fan skâns út de 1e en 2e iuw f.Kr. (Izertiid), Uphall Camp. Yn de omkriten binne ek fynsten dien út de Romeinske tiid.

Ilford lei oan in grutte dyk fan Londen nei Colchester. Dy wei waard behearske en ûnderhâlden troch de Middlesex and Essex Turnpike Trust fan 1721 ôf oan. De rivier Roding waard 1737 befarber makke foar frachskippen oan de brêge fan Ilford ta. Oant de útwreiding yn de 19e iuw ta wie Ilford in doarpke fan neat op it plattelân. De útwreiding luts bedriuwen en yndustry. Yn 1839 waard it spoarstasjon oan it spoar fan Romford nei Mile End yn Ilford iepene, mei in soad nije bewenners fan gefolgen. It plak krige dêrnei hieltyd mear yndustry, sa as papierfabriken, boardmakkerijen en stoomwaskerijen. De widze fan in tal grutte bedriuwen stie yn Ilford. Ferneamd waard de produsint fan fotofilm en gemikaliën anneks 'Ilford Photo'.[3] It bedriuw waard stifte yn 1879 fan Alfred H. Harman, in fotograaf út Peckham. It radio-, elektronika- en telekommunikaasbedriuw Plessey, stichte 1917 yn Marylebone, ferhuze nei Ilford yn 1919 en waard dêr ien fan de grutste op syn mêd. Yn de Twadde Wrâldkriich waard de fabryk bot bombardearre; it fabryk gie doe fierder mei 2000 arbeiders yn de ûndergrûnske spoartunnel tusken Wanstead en Gants Hill. Yn 1955 hie it bedriuw 15.000 minsken yn it wurk op plakken yn Ilford en oanswettende buorren.
Ilford makke yn de fyftiger jierren BAL-AMi Jukeboxen.[4]

Neffens de folkstelling 2001:

Ilford Noard Ilford Súd
Total e befolking 89,806 106,608
Wyt 75.6% 45.1%
Swart 5.2% 11.4%
Aziatysk 15.5% 39.3%
Mingd 2.2% 2.8%
Oars 1.5% 1.4%
Kristen 55.1% 42.5%
Hindû 6.7% 10.5%
Joadsk 10.3% 7.9%
Moslim 6.4% 19.6%
Sikh 2.7% 9.4%

[5]

  • Ian Dowling, Valentines Park, Ilford: A Century of History (1999) ISBN 0-901616-25-5
  • J E Oxley, Barking and Ilford: An Extract from the Victoria History of the County of Essex vol 5 (1987)


Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. http://www.geograph.org.uk/search.php?i=35707459
  2. The Domesday Book online
  3. Ilford History and Chronology [1]
  4. BAL-AMi Jukeboxes [2]
  5. ukpollingreport.co.uk

Keppeling om utens

bewurkje seksje