Imhotep
Imhotep (fl. 2650-2600 f.Kr.) wie fizier fan farao Djoser, de twadde farao fan de tredde dynasty fan it Alde Keninkryk yn it Alde Egypte. Neist fizier wie hy ek arsjitekt, skriuwer fan medyske wurken, hegepryster fan Ptah en Ra en hy wie riedsman fan de farao.
Imhotep de man
bewurkje seksjeImhotep is it meast ferneamd as fizier fan farao Djoser. Hy hat it ûntwerp fan de treppepiramide fan Djozer betocht. In grut kompleks mei dêryn allegear ferskillende religieuze en keninklike bouwurken en dat foar it earst yn stien. Imhotep is berne yn in gewoane boargersfamylje, mar troch syn yntelliginsje koe er hegerop komme. Hy tsjinne ûnder oare as hegepryster fan de god Ptah. Neffens in myte, dy't jierren letter nei syn dea optocht is, soe hy de soan wêze fan de god Ptah mei in minsklike frou as mem. Yn guon fermiddens wurdt Imhotep beskôge as it earste sjeny yn de wrâld wêr't in beskriuwing fan is.
De tombe fan Imhotep is noch net fûn, mar der wurdt fanút gien dat grêf nummer 3.518 by Sakkara mooglik fan him is.
Imhotep as god
bewurkje seksjeImhotep is ek nei syn dea ferneamd en syn rom waard grutter yn ferrin fan iuwen. Nei twatûzen jier waard er ta in god ferklearre. Hy soe in soan wêze fan de god Ptah. Imhotep waard de skutspatroan fan de genêskunde, de hegere kennis en it skriuwen. Fanwege syn kennis fan de genêskunde waard hy troch de Griken fergelike mei de god Asklepios. Omdat hy ek ferbûn wie mei it skriuwen waard hy ek wol ôfbylde mei de god Thoth.
Op ôfbylden is Imhotep in gewoane man, mei in muldoek en in bleat boppelichem. Hy wurdt ôfbyld mei keale holle of in plassekape en hat de tekenen fan de god by him.