Imi wie, neffens de Sûmearyske Keningslist, de sânde kening fan it Akkadyske Ryk, dy't yn 2192 f.Kr. op 'e troan kaam. Oer him is frijwol neat bekend. Neffens deselde boarne wie hy ien fan fjouwer rivalisearjende troanpretendinten (de oaren wiene Igigi, Ilûlû en Nanûm), dy't inoar bestrieden yn in trijejierrige tiid fan gaos yn it ryk. Dy snuorje is ek wol karakterisearre as in ynterregnum. Imi wie de opfolger fan Igigi, en waard yn 2191 f.Kr. sels opfolge troch Nanûm, mar oan 'e dusoarder kaam pas in ein doe't Dûdû yn 2189 f.Kr. oan 'e macht kaam.

Imi
aadlik persoan en/of hearsker
nasjonaliteit Akkadysk
etnisiteit Akkadysk
kening fan Akkad
kening fan Sûmearje
regear 2192 f.Kr.2191 f.Kr. (M.G.)
foargonger Igigi
opfolger Nanûm
N.B.: foar alle jiertallen yn dit artikel is gebrûk makke fan 'e Middellange Gronology.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.