Imperial War Museum
Imperial War Museum, frij fertaald: "Oarlochsmuseum fan it Britske Ryk", is in nasjonaal museum yn Londen.
It museum waard oprjochte yn 1917, yn 't earstoan om de fallenen yn de Earste Wrâldoarloch te betinken. Doe't it oarspronlik pân ôfbaarnd wie (30 novimber 1936) moast der in nij ûnderkommem fûn wurde. Dit waard in gebou út 1815 oan de Lambeth Road yn Southwark, dat earder in psychiatrysk sikehûs west hie, it Bethlem Royal Hospital.
Fan 1939 ôf waard út ein set mei it oanlizzen fan in kolleksje Twadde Wrâldoarloch-materiaal en fan 1953 ôf waard it belied dat guod fan alle oarloggen fan it Feriene Keninkryk sammele wurde soe.
It museum hat in dependânse yn Duxfort en Manchester, it Imperial War Museum North.