Ein feste Burg ist unser Gott

(Trochferwiisd fan In fêste Boarch is ús God)



Ein feste Burg ist unser Gott

In sterke festing is ús God

Lied 401 fan it Lietboek foar de Tsjerken


Muzyk en tekst





Maarten Luther


Oarstalige werjeftes

Een vaste burcht is onze God
'n Vaste burg is onse God
A Mighty Fortress Is Our God
Vår Gud är oss en väldig borg
Vår Gud han er så fast en borg
Vor Gud han er så fast en borg
Jumala ompi linnamme
Hrad přepevný jest Pán Bůh náš
Warownym grodem jest nasz Bóg
Erős vár a mi Istenünk

Ein feste Burg ist unser Gott (In sterke fêsting is ús God) is ien fan Marten Luther's lieten. It liet waard oarspronklik (wierskynlik tusken 1527 en 1529) yn it Dútsk skreaun en is sûnt yn in soad talen oerset. De wurden fan it liet binne basearre op psalm 45 "God is ús in skûle en ferwar". It is ien fan de meast favorite lieten fan de protestanten en wurdt ek fakentiden as it striidliet fan de reformaasje neamd, om't it liet yn de 16e iuw bydroech oan de saak fan de protestanten. Tradisjoneel wurdt "In sterke fêsting" altiten yn de wike fan of op de dei fan de reformaasje, 31 oktober, yn de protestanske tsjerken songen.

De âldste boarne fan it liet is it gesangenboek út 1531 fan Andreas Rauscher. It liet kaam ek yn it gesangenboek fan Joseph Klug foar, dat yn 1533 publisearre waard. Om't it boek in twadde printinge wie fan in net bewarre útjefte fan 1529, is it goed mooglik dat it liet ek al yn de earste útjefte stie. Ein feste Burg ist unser Gott stie mooglik ek yn it gesangenboek fan Hans Weiss út 1528, dat allyksa ferlern gyng.

It krekte tiidstip en de oanlieding fan en foar it skriuwen fan it liet is net bekend, in feilige tiidsspanne is de perioade tusken 1521 en 1530. Neffens in teory soe Luther it skreaun ha doe't de pest jimmeroan tichterby kaam. In oare teory beskôget it liet as in striidliet tsjin de Ottomaanske agresje (de Jeropeeske grutmachten moasten by de Slach fan Mohács yn Hongarije yn 1526 foar in tredde kear de wapens slypje tsjin it leger fan it Ottomaansje Ryk. De tredde hypoteze wol ha dat it liet krityk op de lju dy't harren fersetten tsjin in herfoarming fan de besteande tsjerke en neffens de opfettings fan Luther en syn oanhingers wegeren om nei it Wurd fan God te harkjen. Oanhingers fan de lêste teory ferwize nei it feit dat de protestanten op de Ryksdei fan Speyer yn 1529 al in godstsjinstige groepearring foarmen.

Neffens de tradysje liet de Sweedske kening Gustaaf Adolf yn de Tritichjierrige Kriich it spylje foar it leger ear't it de striid oangyng mei de tsjinstanner. Inkelde iuwen letter soe it liet ek de hymne wurde fan de earste sosjalistyske bewegings fan Sweden.

Benammen yn de 19e iuw ûntstie der yn de muzikale wrâld twifel oer de fraach oft Luther it liet skreaun en komponearre hie. Ut it meast resinte ûndersyk fan saakkundigen docht bliken dat Luther yndied de komponist wie en ek de wurden skreaun hat.

Fryske oersetting (Lieteboek foar de Tsjerken)

bewurkje seksje
 
Ein feste Burg yn it gesangenboek fan Johann Spangenberg, Maagdenburch (1545)
In sterke festing is ús God,
in wâl om 't kwea te kearen.
Syn almacht hâldt ús bûten 't skot
fan dy't ús wreed benearen.
De fijân tsjocht op
mei baarlik gerop,
syn skriklike dracht
is list en grutte macht
hy hat net syn gelikens.
Yn eigen krêft tsjin syn geweld,
dan soene wy it ferlieze:
Mar foar ús striid in sterke Held,
God sels woe Him ús kieze.
Wa is dochs dy Hear
grutmachtich yn ear?
Fernim it en wit,
dat Hy de Kristus hjit;
Hy sil it fjild behâlde.
Al waard de wrâld in bare hel
en 't libben neat as lijen
wy ha gjin frees, Immanuël
komt om ús te befrijen.
De foarst fan 'e wrâld
hoe grym hy him hâldt,
it rint op in ein,
want him is 't oardiel sein, -
ien wurd - en hy moat falle.
It wurd fan God sil ivich stean
dat jout ús nije krêften.
De Hear wol stridend foar ús gean
mei al syn Geast en jeften.
Nim dan eare en goed
ús leafsten, ús goed,
wy jouwe it wei,
hja winne neat dêrmei;
Gods Ryk sil uzes bliuwe

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútske Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Ein feste Burg ist unser Gott