Inch
(Trochferwiisd fan Inch (lingtemjitte))
In inch (Ingelske útspr.: [ɪnʧ], "intsj"; meartal inches, [ɪnʧɪ:z], "intsjeaz"; ôfkoarte ta in. of ″) is in lingtemjitte dy't brûkt wurdt yn it ymperiale stelsel en it Amerikaansk stelsel fan mjitten. It is in frij lytse mjitte, dy't ferlykber is mei de Nederlânsk/Fryske tomme, fan foar de ynfiering fan it metrike stelsel. Yn it ferline ferskilden ûnderskate tradisjonele standerts foar de presize lingte fan in inch, mar sûnt july 1959, doe't de ynternasjonale yard fêststeld waard op 0,9144 m, is de ynternasjonale inch persiis 2,54 sm. Der sitte 12 inches yn 1 ynternasjonale foet, en 36 inches yn 1 yard.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |