Distrikt (Ingelân)

(Trochferwiisd fan Ingelsk distrikt)

In distrikt is yn Ingelân in ferskiningsfoarm fan 'e lokale oerheid. Dit bestjoersnivo kin ferlike wurde mei dat fan in gemeente yn Nederlân. Distrikten hawwe ferantwurdlikens foar húsfesting, sûnenssoarch, it barren fan belestingen ensafuorthinne.

De distrikten fan Ingelân

Troch de struktuer fan de pleatslike oerheid yn Ingelân besteane de fjouwer ferskate soarten distrikten. De distriktsnamme kin fariëarje. Somstiids wurde se oantsjut mei boroughs, city of keninklike boroughs, mar de titel hat gjin streekrjochte ynfloed op de bestjoersfoarm fan it distrikt.

Soarten distrikten

bewurkje seksje