Internet Explorer 9
Windows Internet Explorer 9 (ôfkoarte IE9) wie fan 2011 oant 2012 de ferzje fan de webbrowser Windows Internet Explorer dy't ûntwikkele waard troch Microsoft. It wie de opfolger fan Windows Internet Explorer 8, út 2009. Op MIX10-konferinsje, op 17 maart 2009, kaam de earste publike testferzje yn it Ingelsk út. Internet Explorer 9 is beskikber foar sawol Windows Vista as Windows 7. Internet Explorer 9 draait net op Windows XP.[1]
Internet Explorer 9 moast bettere prestaasjes by grafyske ûnderdielen leverje, in ferbettere ûndersteuning foar CSS 3, HTML5 en ECMAScript hawwe en in flugger JavaScript. Fierder belooft Microsoft dat Internet Explorer 9 in stik brûksfreonliker en oant seis kear flugger wêze sil as syn foargonger Internet Explorer 8.[2] Boppedat moast Internet Explorer 9 in totaal nije oprêden tagong krije, dat der mear romte wie om websiden wer te jaan.[3]
Yn Internet Explorer 9 moast it mooglik wurde WebM-fideo's ôf te spyljen as de VP8 fideo-codec ynstalleare waard.