Into the Wild
Into the Wild is in film út 2007 dy't basearre is op it boek mei deselde namme fan Jon Krakauer en giet oer it ferhaal dat echt bard is mei Christopher McCandless. De film waard regissearre troch Sean Penn, dy't ek it senario skreau, en de haadrollen wurde dien troch Emile Hirsch, Jena Malone, Marcia Gay Harden, Vince Vaughn, William Hurt en Catherine Keener. Into the Wild kaam foar it grutte publyk foar it earst yn de bioskoop op 19 oktober 2007.
De film krige goeie resinsjes fan de parse en waard nominearre foar twa Oskars.
Ferhaal
bewurkje seksjeDe súksesfolle studint Christopher McCandless is it materialistyske, leugeneftige libben by syn âlden sêd en beslút op reis te gean mei sa min mooglik helpmiddels. Hy ferneatget syn creditcards en identiteitsdokuminten en jout al syn jild (24.000 dollar) wei. Dan giet er op wei mei syn auto. Underwilens rekket hy dizze kwyt yn in wetterstream, wêrtroch hy twongen wurdt te rinnen en liften. Underweis komt er opfallende minsken tsjin, oant hy nei twa jier yn Alaska bedarret komt dêr't hy dan yn syn "Magic Bus" wennet en jeie moat om te oerlibjen. Uteinlik ferstjert er nei it iten fan in giftige plant.
Rôlferdieling
bewurkje seksje- Emile Hirsch as Christopher McCandless
- Marcia Gay Harden as Billie McCandless
- William Hurt as Walt McCandless
- Jena Malone as Carine McCandless
- Brian H. Dierker as Rainey
- Catherine Keener as Jan Burres
- Vince Vaughn as Wayne Westerberg
- Kristen Stewart as Tracy Tatro
- Hal Holbrook as Ron Franz
- Zach Galifianakis as Kevin
- Jim Gallien as himsels