Ipe (Epeus) Wielinga (Ljouwert, ? – dêre, 1718) wie in Ljouwerter magistraat.

Wielinga wie by syn trouwen yn 1665 weibel fan it kriichsgerjocht en yn 1666 notaris. Yn 1675 wie er froedsman yn Ljouwert, fan 1686-1710 boargemaster en sûnt 1688 faak deputearre. Syn pakesizzer mei deselde namme wie ried oan it Hof fan Fryslân. Oare leden fan syn skaai te Ljouwert, dat yn 1785 útstoar, hiene regearingsposten.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: