Iraanske gizelderskrisis
De Iraanske gizelderskrisis wie in gizeling yn de Amerikaanske ambassade yn Teheran, dy't yn 1979 begûn en 444 dagen (sa'n 14 moannen) duorre. De gizeling hie te krijen mei de tanimmende ynfloed fan Amerika yn Iran, wêrmei't it Iraanske folk oer it algemien net al te bliid wie.
By de gizeling waarden 63 diplomaten en boargers fêstholden. De aksje duorre fan 4 novimber 1979 oant 20 jannewaris 1981. Sa no en dan lieten de gizelnimmers minsken frij, mar 52 moasten de ein fan de gizeling útsitte.