Isidoarustsjerke (Sint-Petersburch)
De Isidoarustsjerke (Исидоровская церковь; Isidorovskaja tserkov), ek Tsjerke fan 'e Hillige Isidoarus en Nikolaas (Russysk: Церковь Священномученика Исидора Юрьевского и Николая Чудотворца), is in Russysk-otterdokse tsjerke yn Sint-Petersburch yn 'e Russyske Federaasje. De tsjerke stiet op in tige byldbepalende lokaasje oan 'e kaai fan 'e Gribojedovgrêft en is ien fan 'e lêste grutte tsjerken dy't noch foar it útbrekken fan 'e Russyske revolúsje boud waard.
Isidoarus- en Nikolaastsjerke | ||
Lokaasje | ||
lân | Ruslân | |
plak | Sint-Petersburch | |
adres | Pr. Rimski Korsakov, 24 | |
koördinaten | 59° 55' N 30° 17' E | |
Arsjitektuer | ||
arsjitekt | Alexander Polesjtsjûk | |
boujier | 1903-1907 | |
monumintale status | Monumint fan regionaal belang | |
monumintnûmer | 7802526000 | |
Webside | ||
isidore.ru | ||
Kaart | ||
Skiednis
bewurkje seksjeYn it histoaryske stedsdistrikt Kolomna fan Sint-Petersburch waard yn 1894 in otterdokse Estske parochy stifte. Yn dy tiid wennen der yn Sint-Petersburch likernôch 4.000 otterdokse Esten. De mienskip hie gjin eigen tsjerke en dêrom waard in arsjitekt út eigen mienskip frege om in ûntwerp te meitsjen. It plan fan Alexander Plesjtsjûk omfieme njonken de tsjerke ek in hûs foar de preester, in skoalle, in boekhannel en in bibleteek. Op 24 augustus 1903 waard útein set mei de bou, mar troch jildbrek woe it wurk net eine, oant der in foarse donaasje troch de foarsitter fan it boukomitee dien waard en de tsjerke yn 1907 foltôge wurde koe. Ek de tsaar droeg finansjeel by oan 'e bou.
De boppetsjerke waard oan 'e hillige Isidoarus wijd, in otterdokse hillige dy't yn 1472 fermoarde waard om 't er wegere him ta it katolisisme te bekearen. In jier letter waard de benedentsjerke oan Sint-Nikolaas wijd. Tsjerketsjinsten waarden yn it Estsk en it Tsjerkeslavysk holden.
Sovjet-tiid
bewurkje seksjeNei de revolúsje waard de tsjerke op 25 febrewaris 1935 sletten en de preester, Alexander Pakljar, waard yn 1938 deasketten. In soad weardefolle dekoraasjes waarden nei de tichtebylizzende Nikolaaskatedraal oerbrocht. Nei in foarse oanpassing fan it ynterieur waard de tsjerke yn gebrûk nommen troch in bedriuw, dat yn 'e byldzjende keunst en foarmjouwing warber wie. Dêr waarden ek propagandistyske flaggen en banieren makke, dy't yn sosjalistyske demonstraasjes meidroegen waarden.
Weromjefte
bewurkje seksjeDe tsjerke waard yn 1994 oan 'e Russysk-Otterdokse Tsjerke werom jûn en op 30 oktober 1994 waard foar it earst sûnt in hiel skoft wer yn 'e benedentsjerke in tsjinst holden. Dêrnei folge in grutte restauraasje. De restauraasje fan 'e boppetsjerke waard yn 2011 foltôge.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Russysktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: ru:Исидоровская церковь
|