Israël Querido
Israël Querido (Amsterdam, 1 oktober 1872 - dêre, 5 augustus 1932) wie in Joadske naturalistyske skriuwer.
Libben
bewurkje seksjeQuerido kaam út in earme húshâlding en moast al jong syn eigen brea fertsjinje. Dat die er ûnder mear as horloazjemakker, fioelist, diamantbewurker, juwelier en sjoernalist. As skriuwer debutearre er yn 1893 mei in bondel gedichten ûnder de titel Verzen, al gau folge troch Gedichten (1894), skreaun ûnder de yndruk fan in besite oan Parys. Beide boeken ferskynden ûnder it pseudonym Theo Reeder. Dêrnei skreau er ek kritiken, dy’t foar in part bondele waarden.
Bekend binne fral syn boeken wurden dêr’t it Amsterdamske folk yn tekene wurdt. Querido’s earste proazawurk wie ekstreem naturalistysk. Émile Zola wie syn foarbyld yn Levensgang (1901). Dêrnei folge Menschenwee (1903). Syn earste grutte wurk wie de fjouwerdielige romansyklus De Jordaan, besteande út: De Jordaan (1912), Van Nes en Zeedijk (1914), Manus Peet (1922) en Mooie Karel (1925).
Hy joech him stadichoan mear ôf fan it naturalisme en skreau nei foarbyld fan Louis Couperus in grutte histoaryske romansyklus, hoewol’t er earder dy syn histoaryske wurken swier kritisearre hie. It giet om syn trijdielige syklus De oude waereld, het land van Zarathustra (Amsterdam: Scheltens & Giltay, 1918-1921), yllustrearre troch Willem van Konijnenburg, dêr’t Querido in byld jout fan kening Xerxes en it Perzyske Ryk.
Hy wie yn sosjalistyske kringen populêr, mei tanksij syn kollumn yn it deiblêd Het Volk, 'Uit het dagboek van Querido'. Hy hie al lange tiid lêst fan in swak hert, mar syn dea kaam dochs noch ûnferwacht, doe’t er 59 jier âld wie.
Famylje
bewurkje seksjeEmanuel Querido (1871-1943) is in broer fan Israël. Emanuel rjochte yn 1915 in útjouwerij op ûnder de namme Em. Querido`s Uitgevers-MIJ N.V.
Bibliografy
bewurkje seksje- Verzen (1893)
- Gedichten (1894)
- Meditaties over literatuur en leven, 1 (1897)
- Studiën over tijdgenooten, 1 (1899)
- Levensgang: roman uit de diamantwerkerswereld (1901)
- Menschenwee, roman van het land. Diel 2' (1903)
- Over literatuur (1904)
- Zegepraal (1904)
- Literatuur en kunst (earste rige) (1906)
- Kunstenaarsleven (1907)
- Muziek, tooneel en literatuur (1908)
- Studiën (1908)
- Van het groene laken (1911)
- De Jordaan: Amsterdamsch epos. Diel 1 (1912)
- Geschreven portretten (1912)
- De Jordaan: Amsterdamsch epos (4 dielen) (1912-1924)
- Melvina en de legende van den vuurtoren (1913)
- Napoleon (1913)
- De Jordaan: Amsterdamsch epos. Diel 2: Van Nes en Zeedijk (1914)
- Saul en David (1914)
- Letterkundig leven I (1916)
- Letterkundig leven (1916-1923)
- Aron Laguna (1917)
- De oude waereld I: Het land van Zarathustra (1918)
- Van verbeelding en werkelijkheid (1918)
- De oude waereld (3 dielen) (1918-1921)
- De jeugd van Beethoven (1919)
- Van verleden en heden (1919)
- De oude waereld II: Zonsopgang (1920)
- De oude waereld III: Morgenland (1921)
- De Jordaan: Amsterdamsch epos. Diel 3: Manus Peet (1922)
- Letterkundig leven III (1923)
- De Jordaan: Amsterdamsch epos. Diel 4: Mooie Karel (1924)
- Muziek (proza-keur) (1924)
- Over literatuur (1924)
- De oude waereld I: Het land van Zarathustra. Koningen (1926)
- Misleide majesteit (1926)
- Simson de godgewijde (1927)
- Simson. Ontreddering (1929)
- Het volk Gods (1932)