It Doarp Huzum (skûtsje)
| |||||
Eigener | Stichting Vriendenclub Huzumer Skûtsje | ||||
Plak | Huizum | ||||
Werf | De Roos en Van der Meijden, Ljouwert | ||||
Boujier | 1911 | ||||
Kleur | wyt | ||||
Lingte | 19,48 | ||||
Breedte | 3,64 | ||||
Holte | 1,17 | ||||
Djipgong | 0,43 | ||||
Skipper | Johannes Hzn Meeter | ||||
Tonnaazje | 45 |
It Doarp Huzum is in skûtsje dat foar Huzum meidocht oan it SKS-skûtsjesilen.
It earste skip dat foar Huzum út kaam is boud yn 1911 op de minder bekende werf De Roos en Van der Meijden oan de Dokkumertrekwei yn Ljouwert. Loadewyk Meeter waard yn 1965 de eigener. It skipke lei om te kommen by de kalkûnen yn Harns. De skiednis fan it skûtsje is beskreaun yn it boek Meeter na Meeter, 50 jaar Stichting Vriendenclub Huzumer Skûtsje, 1968-2018. De 16,57 meter lange romp is yn 1922 ferlingt nei 20,03 meter en sûnt die tiid net feroare. De mêst fan no is lykwols grif inkele meters langer as destiids, sadat der folle mear túch op kin.
Sûnt de oankeap yn 1965 begûn hy mei in freonenclub út de Huzumer middenstân om him hinne te foarmje. Fanôf 1968 koe hy rekkenje op stipe fan de Stichting Vriendenclub Huzumer Skûtsje. Dy waard yn 1968 eigenaresse fan it skûtsje. By de oerdracht is yn kontrakt fêstlein dat by de SKS-wedstriden yn begjinsel it helmhout yn hannen is fan in neisiet fan 'pake Loadewyk'. Yn 1970 en 1971 waard Loadewyk Meeter sr twa kear efter elkoar kampioen.
Doe't dy yn 1988 op 73-jierrige leeftijd stoppe, folge syn soan Eildert him op as skipper. Der wie ôfsprutsen dat der altyd in ôfastammeling yn rjochte lijn fan Loadewyk Meeter beneamd wurde soe as skipper. Sûnt 1997 hat Eildert syn soan Loadewyk jr. de baas oan board west. Yn 2009 krige syn neef Eildert Klzn it helmhout yn hannen en dêrnei kaam syn neef Loadewyk Hidzerssoan oan it roer te stean. Mar al dizze mannen slaggen der net yn om it skip út de achterhoede wei te farren. Ek doe't hja in oar skip kochten (de 'Sûn en Wol' fan harren efterneef Siete Eildertssoan Meeter) kamen se net mear nei foaren. Yn 2017 hat Johannes Hzn Meeter, dy 't earder in twadde plak helle hie mei Langwar, in sânde plak helle mei "it Doarp Huzum".
Skippers
bewurkje seksje- 1968-1988 - Loadewyk Meeter
- 1989-1996 - Eildert Lzn. Meeter
- 1997-2008 - Loadewyk Ezn. Meeter
- 2009-2011 - Eildert Klzn. Meeter
- 2012-2016 - Lodewijk Hzn. Meeter
- 2017-no: - Johannes Hzn Meeter
Skûtsjes
bewurkje seksje- it Doarp Huzum (1) 1968-2012
- it Doarp Huzum (2) 2013-no
SKS kampioen
bewurkje seksjeOantal | Skipper | Kampioen yn |
---|---|---|
2 | Loadewyk Meeter | 1970 - 1971 |
Literatuer
bewurkje seksje- Meeter na Meeter, 50 jaar Stichting Vriendenclub Huzumer Skûtsje, 1968-2018 (ISBN 9789082896800).
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |