- Myn famke kipet gol en blier
- Ut har twa blauwe eagen.
- Hja is sa mûtel, glêd en tier;
- In flodder draacht se nei de swier,
- In kyps mei syd'ne beagen.
- En om 'e sêfte hals in string
- Fan moaie reade kralen:
- Dêrfoare yn in gouden ding,
- It flikkert as in stjerrekring,
- Mei stientsjes gleon fan stralen.
- Mar boppe pearel of robyn
- Blinkt jit har spitsich kintsje:
- In dobke stiet der middenyn
- Har wankjes binne waarm en fyn
- As 't iere foarjierssintsje.
|
|
- En fan dy leave kralestring,
- Dêr wynt in slinke hinne,
- Mar wêr't dy slinke hinne wynt,
- En wat dêr efter 't jakje tynt,
- Dat wit hja mar allinne.
- Har tútsje – o, sa weak, sa hjit,
- Dat wit ik mar allinne.
- In ryg'le toksen geef as kryt,
- Beseamd mei lipkes read en wyt
- As 't Berlts'mer kersen binne.
- En jit by al dy snipperheid
- Fan klean en ien en oare,
- Sa hat s' in fromme, froede sin,
- De kreazens fan in wjitten hin,
- De blierens fan Auroare.
|