It Far
It Far, earder ek wol Koudumer Far, is in wetter yn de gemeente Súdwest-Fryslân. De feart rint fan it krúspunt De Grûnzen, de Krúsfeart en de Yndyk oan de noardkant fan Koudum lâns nei de Swarte Wâlde en De Fluezen. De namme It Far jildt sûnt 15 maart 2007 as de offisjele namme, as ferfanging foar de eardere offisjele namme Koudumervar.