It Heechhûs, of: Albadastate, Albadahûs, wie in state yn de binnenstêd fan Snits.

It Heechhûs flak foar de sloop troch Ype Staak

It gebou stie op de hoeke fan de Wide Burchstrjitte en de Heechhûsterstege, dy't har namme krige troch de state. Letter wie hjir loazjemint It Heechhûs fêstige. Op dizze lokaasje is letter kleanwinkel Clemens & August (C&A) begûn mei har kleanymperium.

De state is boud yn 1618 nei opdracht fan edelman Ids Albada, dy't ek de Epemastate besiet. Opfallend oan it gebou wie de treptoer. De state waard oplutsen yn de styl fan it maniërisme. It gebou waard yn 1736 ferkocht en waard twa jierren letter sloopt.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: