It Heideblomke is in brassband út De Harkema.

De band is oprjochte yn 1911 en waakse nei de oarloch flink ûnder dirigint Piet de Boer en Hendrik Nicolai dy’t in jeugdkorps opsette. Yn 1961 waard Sierd de Boer dirigint en mei him die It Heideblomke foar it earst mei oan it "Holland Festival". Yn 1972 krige de band de titel 'VARA Brassband fan it Jier' mei it nûmer “Variations for Brassband”. Begjin santiger jierren waard Joop Bosgraaf dirigint. Under syn lieding waard nochris de titel Vara’s Brassband fan it Jier mei it stik “Three memoires”. Troch dizze titels mocht “It Heideblomke” twa VARA Gram Lp’s meitsje. Yn 1975 waarden de Brassbandkampioenskippen fan Nederlân yn Utert wûn. Begjin tachtiger jierren rûn de topband leech, mar de feriening bleau bestean. Yn de njoggentiger jierren bloeide de feriening wer op en waarden mei dirigint Willem van Kooi op 'e nij prizen helle. Sa waard ûnder oaren in Gouden Spiker wûn. Yn 2005 waard Richard Visser dirigint.

De muzykferiening krige yn dy jierren in brassbandbesetting. Bûten it jaan fan konserten, tsjerketsjinsten binne der ek konkoersen en iepent de feriening de jierlikse taptoe yn it doarp. Op earste krystdei giet it korps moarns troch it doarp om krystmuzyk te spyljen.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: