It Krús is in Frysktalich kristlik liet skreuon troch Johannes Couperus en komponearre troch Jouke Douwenga.

Frysk Lieteboek (1979)[1]

O, minsken, gean dochs net foarby
Oan't krús dat dêr ferriist,
Sjoch hoe't syn ljochtglâns wer opnij
Nei heger dingen wiist.
Fan ljocht omstrield en hearlikheid
Is 't hill'ge troch syn bloed.
Sa bliuwt it Krús yn ivichheid
De stipe foar jins noed.
O minsken, gean dochs net foarby.
Ek yn de neare nacht,
Strielt jimmer boppe hovaardij
't Krús mei ferheven pracht.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. ISBN 90 6066 352 7, Frysk Lieteboek, nûmer 101, side 146, Fryske Akademy, Ljouwert, 1979