It Lieteboek
It Lieteboek is in samling Fryske lieten, besoarge troch Klaas Dijkstra, Pieter Folkertsma, Jan Lieuwes de Jong, J. Slofstra en Hendrik Karel Schippers út 1948.
Neist tige bekende steane der ek nije folks- en keunstlieten yn. Se binne allegear bewurke foar ien middenstim mei pianobegelieding, en sa setten dat se ek as selsstannich pianostikje spile wurde kinne. By de 104 lieten sitte 27 geastlike.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|