Ryksargyf

(Trochferwiisd fan It Ryksargyf)

In Ryksargyf is in argyftsjinst dy't de argiven beheart fan ynstellingen dy't yn de rin fan de iuwen yn in bepaalde provinsje wurke hat. Neist de ryksargiven yn de provinsjes is der foar it behear fan de argiven fan lanlike organen ek in Algemien Ryksargyf. Yn Nederlân binne beide beneamingen wyls feroare en dêrmei ferâldere, yn Belgje wurde de nammen noch altyd brûkt.

It Ryksargyf yn Fryslân is yn 2002 tegearre mei it Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum en de Provinsjale en Buma Biblioteek fan Fryslân opgien yn Tresoar. Tresoar fiert njonken oare aktiviteiten de wetlike ryksargyftaken út.