It Syl
wetter en dyk op De Jouwer
It Syl is in wetter en dyk op De Jouwer.
It wetter is it diel fan de Jouster Sylroede oan de noardkant fan de brêge by It Tolhûs. Oan de oare kant fan de brêge leit De Kolk. Oan it wetter stienen eartiids in soad bedriuwen dy't harren grûnstoffen en produkten krigen oer wetter. Sa stie dêr it nôtpakhûs fan de firma G.P. Vath en Soannen en de tichtby lizzende skipswerf fan Aukebaas. Fierders wienen der drukkerij en boekhannel Jan Swart.
-
Tolhûsbrêge en It Syl
-
Foar 1920
-
't Syl foar 1920. Rjochts it nôtpakhûs fan Cath & Sn.
-
It Syl mei op de eftergrûn it sanatoarium fan Heremastate
-
It Syl yn 1905. It gebou dat tusken de Tolhûsbrêge en It Tolhûs is in sjippefabryk dat eartiids it 'grienfabrykje' neamd waard. Dat fabrykje waard yn 1892 ferkocht. Letter soe it ûnder oaren troch koperslagger Pieter Kleistra brûkt wurde, it middenstik waard ek as branjepakhûs brûkt. It eardere grienfabrykje is ôfbrutsen om romte te meitsjen foar de Kolkstrjitte.
-
It Syl yn 1949
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|