- Dêr op dat hege tsjust're hôf
- Lei ik myn Lokke del;
- Dêr setten har myn bruorren ôf,
- Dêr yn dy kûle del.
- Dêr leiste, Lokke, dêr, myn bern!
- Dêr yn dy kâlde grûn.
- Mei dy ha 'k alles hjir ferlern,
- Wat m' oan de wrâld ferbûn.
- Dêr leit myn libben en myn sin,
- Dêr yn dy griene wier.
- Dat nimmen mear in trien ontrinn',
- Ik fiel en fiel it swier.
- De toersklok bile hol en fol,
- Doe 'k har nei 't hôf ta brocht;
- My tinkt, ik hear it jitte wol,
- En sjoch it as by ljocht!
- En mannich famke teach dermei
- Nei 't hege tsjerkhôf ta,
- De bier mei Lokke efternei,
- En kriet en snokk're sa.
- En mannich feintsje teach dermei
- Nei 't hege tsjerkhôf ta,
- De bier mei Lokke efternei,
- En kriet en snokk're sa.
|
|
- En beppe mei har reinkleed om
- Kaam slierend efteroan;
- Dat âlde minske goed en from
- Troch rou en leed bestoarn.
- Sa tôge se har lêste blom
- Nei 't neare tsjerkhôf ta,
- En moast noch yn har âlderdom
- Ek dizze rouwe ha.
- Wat is it libben op 'e wrâld
- In wif en faai bestean!
- Hoe selden sjocht men immen âld!
- Hoe faak in blom fergean!
- Dy't hjoed fol libben en fol fjoer
- Om grêf noch stjerren tinkt,
- Hat moarn it wite deakleed oan,
- Ferjit men – en fersinkt.
- Mar, famke, sliep en slomje dêr,
- Dêr yn dy griene wier;
- Dat wjirm en modder dy fertarr',
- Fertarr' mei 't earste jier!
- As nei in lange wile en tiid
- Nin trien mear om dy rint,
- En de âlde freonskip wiid en siid
- Wer nije freonen fynt;
|