Iverski-kleaster (Rostov oan de Don)
It Iverski-kleaster of Fedorovski-kleaster (Russysk: Иверский монастырь; Федоровский монастырь) is in kleaster foar nonnen ta eare fan it Ibearyske Ikoan fan 'e Mem Gods yn Rostov oan de Don, Ruslân. It is it iennige kleaster yn it bisdom Rostov.
Iverski-kleaster | ||
De sûnt it jier 2000 boude kleasterkatedraal. | ||
Lokaasje | ||
lân | Ruslân | |
oblast | Rostov | |
plak | Rostov oan de Don | |
koördinaten | 47° 16' N 39° 41' E | |
Kleastergegevens | ||
denominaasje | Russysk-Otterdokse Tsjerke | |
oprjochting | 1903 | |
Ynformaasje bou | ||
boujier | 1905-1908 | |
monumintale status | Regionaal monumint | |
monumintnûmer | 611420104220005 | |
Webside | ||
www.iver-mon.ru | ||
Kaart | ||
Stifting
bewurkje seksjeDe skiednis fan it kleaster begûn yn 1903 doe't de Hillige Synoade tastimming joech om in kleaster op te rjochtsjen by Nachitsjevan oan 'e Don, in eartiids yn 1779 troch Armenen stifte selsstannige stêd, mar tsjintwurdich in stedsdiel fan Rostov oan de Don. Op it lân dêr't it kleaster komme soe wie in boarne, dy't letter ferneamd waard fanwege de genêzende eigenskippen dy't oan it wetter taskreaun waarden. Beskermhear fan it kleaster waard de keapman Samuel Fedorov út Rostov en it kleaster waard dan ek al gau yn de folksmûle nei de keapman ferneamd.
Fedorov joech yn 1905 oan 'e arsjitekt Nikolai Sokolova de opdracht om in lytse kleastertsjerke te bouwen, dy't yn 1908 oan it Ibearyske Ikoan fan de Mem Gods wijd waard .
Neffens de verhalen fan âlde bewenners fan Rostov kaam yn 'e lette simmer fan 1914 in keninklik gefolch werom fan it Kaukasyske kueroardgebiet. It gefolch teach nei it kleaster, dêr't tsaar Nikolaas II en tsarevitsj Aleksej de kleastertsjerke besochten om dêr te bidden by it Ibearyske Ikoan fan 'e Mem Gods.
Yn 'e Earste Wrâldkriich namen de likernôch fyftich nonnen yn it kleaster de soarch op fan bern sûnder âlden út it besette Poalen.
Delgong
bewurkje seksjeNei de Oktoberrevolúsje yn 1917 liet de oerste Anastasia it kleaster registrearje as in agraryske koöperaasje. Sa hope de oerste dat it monastike libben, yn in tiid dat de kleasters oeral troch de bolsjewiken twongen waarden te sluten, ûnder de dekmantel fan 'e koöperaasje fierder bestean bliuwe koe. Mar yn 1929 waard it kleaster dochs noch sletten en al it besit fan 'e mienskip waard oerdroegen oan 'e steat. De nonnen waarden ferjage en abdis Anastasia waard mei inkelde neiste meiwurksters feroardiele ta seis jier ferballing nei Sibearje. Nei it sluten fan it kleaster waarden de koepels fan 'e tsjerke en de klokketoer sloopt. De eardere tsjerke waard oan in feriening fan boeren jûn en de kleastergebouwen waarden earst as weeshûs brûkt en diene dêrnei tsjinst as wurkpleatsen en pakhûzen. Troch de wikseljende eigners rekke it kleaster gaueftich yn it neigean. De hôf mei de fruchtbeammen waard kapt en de grûn, dêr't de nonnen ea sa hurd op wurke hiene, rekke oerwoekere. Ek de boarne fertutearzge en groeide stadichoan ticht.
De renêssânse
bewurkje seksjeNettsjinsteande de ferfolgingen oerlibbe de otterdoksy it ateïstysk rezjym en yn 'e lette jierren 1980 foel it each fan de otterdokse mienskip op 'e ferfallen en útlibbe kleastertsjerke. Mei de segen fan de biskop waard der in inisjatyfgroep foarme, dy't de opdracht krige der foar te soargjen dat de weromjefte fan de oerbliuwsels fan 'e Russysk-otterdokske Tsjerke feilich te stellen. Dat hie lange en pynlike ûnderhannelings mei it stedsbestjoer fan gefolgen, mar it risseltaat wie dat de ûntwijde gebouwen werom jûn waarden oan 'e Tsjerke.
Sûnt de jierren 1990 wurke de nije kleastermienskip tegearre mei parochianen hurd om it kleaster wer op te bouwen en de boarne en de kleastertunen te rekonstuearjen. Dêrnei folge de weropbou fan 'e kleastertsjerke. Tsjin 'e ein fan 1996 wie de tsjerke klear en koe biskop Panteleimon de foltôge boppetsjerke ta eare fan it Ibearysk Ikoan fan 'e Mem Gods konsekrearje. Sûnt dy tiid fine der wer deistich tsjintsen plak. Yn it jier 2000 waard útein set mei de bou fan in nije Trije-ienheidstsjerke (Троицкая церковь). It eksterieur is yntusken foltôge en der wurdt fierder wurke oan it ynterieur. Yn it kleaster wenje likernôch 35 nonnen (2017).
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Side fan it Iverski-kleaster, Rostov oan de Don
|