Ivichduorjende Juliaanske kalinder
Dizze ivichduorjende Juliaanske kalinder jout oan wat de begjindei fan in beskaat jier is, en wat de dei fan de wike is fan in beskate datum.
Jierstyl
bewurkje seksjeDizze kalinder giet wat de jierstyl oanbelanget út fan de nijjierstyl, dêr't it jier op 1 jannewaris begjint. Troch hiel de Midsiuwen hawwe foar datums hieltiid ek oare jierstilen brûkt west. Fan sokke datums moat earst it jier yn nijjiersstyl bepaald wurde eart dizze kalinder brûkt wurde kin om de dei te finen.
Utlis
bewurkje seksje- Bepaal it jiernûmer:
- Foar in jier nei 700: Lûk ien as mear kear 700 ôf fan it jiertal, oant it tusken 1 en 700 leit.
- Foar in jier foar Kristus: Lûk it jiertal fan 701 ôf.
- Fyn dat jiernûmer yn ûndersteande tabel.
- Boppe en ûnder de tabel is de begjindei foar it jier oanjûn.
- Folgje de keppeling nei in Juliaanske kalinder foar dat jier.