Ivichheidsformule
De ivichheidsformule is in poëtyske omskriuwing foar de ûneinichheid yn de tiid. Yn de Aldfryske rjochtseal waard dy formule foaral brûkt by rjochtshannelingen dy’t frede easken tusken gebieten en fersoening tusken twa fete fierende partijen, om oan te jaan dat troch dy hanneling ta stân brochte rjochtstastân foar ivich jilde soe. Sy waarden ek wol brûkt om in winsk te ûnderstreekjen dat de Fryske frijheid foar altyd bestean bliuwe soe. Der binne yn de Aldfryske boarnen út de fyftjinde iuw in soad ivichheidsformules oerbleaun.
Yn de freedeed swarde de kwetste partij by it besljochtsjen fan in skeel, dat de fermoedsoening foar ivich jilde soe. Dermei gou soks ek foar de wjerwraak.
Der binne ferskate ivichheidsformules bewarre bleaun. Lykwols klinke dy yn it Aldfrysk al wat oars as yn it hjoedeisk Frysk. In pear foarbylden:
Aldfrysk | Hjoeddeisk Frysk |
---|---|
Alsoe langhe, soe di wynd fan dae vlkenum wayth ende ghers groyt ende baem bloyt ende dyo sonne optijocht ende dyo wrald steed | Salang de wyn troch de beamen waait en it gers groeit en de beam bloeit en de sinne ûndergiet en de wrâld bestiet. [1] |
Alsoe langhe, soe di wynd fan dae vlkenum wayth ende ghers groyt ende baem bloyt. | Salang’t de wyn fan de wolken waait, it gers groeit en de beam bloeit. [2] |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|