Izeren Man
De Izeren Man wie in flot dat yn 1978 boud waard yn Aldeboarn. It is neamd nei ytkafee De Izeren Man yn Aldeboarn.
De Izeren Man wie 11 meter lang en 4,50 meter breed, it flot hie in mêst fan 10 meter. It wie dêrmei grutter as de Sterke Yerke. It dreau op tritich oaljedrums en foarop siet in skoeperêd dat oandreaun waard troch in trekkermotor. Jan Bangma en Jan Heeg begûnen op harren wurk by de Gasuny út ferfeling mei de bou, holpen troch in trijetal maten, de Boarnster smid en de kafeehâlder en oare frijwilligers.
It skip wie te sjen by it skûtsjesilen en de gondelfeart. In grutte kraan hat it flot yn it wetter tilt. De offisjele doop waard ferjochte troch Atsje Keulen-Deelstra dy’t yn Fryske dracht wie, mar net swimme koe.