J.P. Wiersma
J.P. Wiersma (folút: Jacobus Pieters Wiersma; Hallum, 19 jannewaris 1894 - Grins, 1973) wie in Frysk letterkundige, publisist en sjoernalist. Hy wie Frysk korrespondint foar ferskate net-Fryske kranten en meiwurker oan Fryske tydskriften. Warber foar Fryske sang en toaniel; skreau toanielstikken en tinkboeken. Hy wie mei Lammert Popma yn 1929 oprjochter fan it Nij Frysk Toaniel en makke ek de tekst foar de Fryske sjongspullen Roaitske en It Wylgesyske. Under de skûlnamme G. Kroodsma-Snikstra hie er jierrenlang de rubryk "De Friesche Lusthof" yn de Ljouwerter Krante.
Bibliografy
bewurkje seksje- De Fryske heide yn kultuer (1926)
- Skaed en Ljocht (toaniel) (1936)
- Friesche myten en sagen ( 1937)
- Friesche sagen (1939)
- Vijftig jaar Elfstedentochten (1940)
- Sjongspul Roaitske (1941)
- Wylgesyske (1944)
- Kriich tsjin frjemdfolk (1946)
- Friesche Volkssprookjes (1948)
- Aldfaers Grûn, byld fan in tiidrek 1860-1940 (1948)
- Frieschland verciert met duysent vreughden (mei foto's fan Frans C.D. Popken, 1951)
- Lyoeske (roman, 1953)
- Th. M. Th. van Welderen Rengers (biografy fan Theo van Welderen Rengers, 1955)
- Pier Pander (1966). Sjoch: Pier Pander
- Visie en woord van H.C. Louwes (1973)
- In Doarp riist út de puollen (1946) foar it 30 jierich bestean fan Bûterfabriek "Volharding II" op 'e Tynje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|