Jeugd Dûns Oplieding Fryslân

organisaasje foar talintûntwikkeling yn dûns
(Trochferwiisd fan JDOF)

De Jeugd Dûns Oplieding Fryslân (JDOF) is in organisaasje foar talintûntwikkeling yn dûns.

Yn in fjouwerjierrige foaroplieding wurde dûnstalinten tusken de 12 en 18 jier oplaat ta allround dûnsartyst. Neist de trijejierrige oplieding (mei ien tariedend jier) is der in een top-programma foar dûnsers dy’t al fierder binne of dy't faker trene wolle. De talitting stiet iepen foar dûnsers dy't al aktyf binne by dûns fan dûnsskoallen, kreativiteitssintra as gymnastykferienings en dy't har fierder ûntwikkelje wolle. De earste twa jier wurde lessen jûn yn de dûnsstilen klassyk ballet, moderne dûns en jazzdance. It tredde jier stiet yn it teken fan dûnsproduksjes. Tuskentiids binne der presintaasjes dy’t ûnderdiel binne fan in foarstelling yn de eigen dûnsstudio of yn in Frysk teäter, festival of bygelyks in lokaasjeprojekt. De lessen en workshops wurde jûn yn de dûnsstudio’s fan Stichting Popkultuer Neushoorn Ljouwert oan it Ruterskertier 41 yn Ljouwert. Oprjochtster fan JDOF wie Grietine Molenbuur. De oplieding fan de stichting JDOF wurdt sûnt 2002 subsidiearrer troch de provinsje Fryslân en waard yn 2020 opnomd yn de provinsjale keunst-ynfrastruktuer.

Saaklik lieder wie yn 2021 Marieke Jissink, artistyk lieder wie Afke Brenninkmeijer.[1]

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

  1. Jeugd Dans Opleiding Fryslân gooit de deuren open, Ljouwerter Krante, 16 maart 2021