Jacob Baart de la Faille

Jacob Baart de la Faille (Ljouwert, 1 juny 1886 - Hiemstee (Noard-Hollân), 8 augustus 1959) wie in Belgysk-Nederlânske keunsthistoarikus en jurist.

Jacob Baart de la Faille

Baart de la Faille wie in soan fan de Nederlanner fan Hugenoatsk komôf Cornelis Baart de la Faille en de Flaamske Henriette Adriana Krayenhoff. Hy studearre rjochten (dat gjin keunstskiednis) oan de Universiteit Utert en promovearre yn 1913.

De la Faille makke de earste katalogus fan it wurk fan Vincent van Gogh dy't yn 1928 útbrocht waard. In skoftke dêrnei rekke er belutsen yn in grutte fraudesaak. Hy hie 30 skilderijen fan Van Gogh dy't troch de Berlynske keunsthanneler Otto Wacker (1898–1970) oanbean wiene echt ferklearre, mar letter die bliken dat it ferfalskings wienen.

Njonken de nijere Van Gogh-katalogus fan Jan Hulsker wurdt dy fan De la Faille ek no noch as standertwurk brûkt.

Hy wie tusken 1914 en 1917 troud mei de sopraan Alice Plato (1889-1961).

  • J.-B. de La Faille: L'Epoque française de Van Gogh, MM. Bernheim-Jeune, éditeurs d'art, Parys ("acheve d'imprimer le 25 aout 1927")
  • L'Œuvre de Vincent van Gogh, Catalogue raisonné, ouvrage accompagné de la réproduction de plus de 1.600 tableaux, dessins, aquarelles et gravures du Maître. 6 vols. Les Éditions G. van Oest, Parys & Brussel, 1928
  • Les faux Van Gogh, avec 176 réproductions. Les Éditions G. van Oest, Parys & Brussel, 1930
  • Dr Jacob Baart de la Faille 1886 – 1959. Yn: Hammacher, ed., 1970, s. 39

Keppeling om utens

bewurkje seksje