Jacob Nienhuys
Jacob Nienhuys (Amsterdam, 16 july 1836 - Bloemendaal, 27 july 1927) wie de earste Nederlânske tabaksplanter op Sumatra yn it eardere Nederlânsk-Ynje.
Jacob Nienhuys | ||
Nienhuys skildere troch Willem Maris (1872–1929) | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 16 july 1836 | |
berteplak | Amsterdam | |
stoarn | 27 july 1927 | |
stjerplak | Bloemendaal | |
wurkpaad | ||
berop/amt | Undernimmer |
Hy wie yn 1869, yn 'e mande mei Peter Wilhelm Janssen, de oprjochter fan de Deli Maatschappij. As sadanich wie er de grûnlizzer de Nederlânske tabakskultuer oan Sumatras Eastkust, de lettere provinsje Noard-Sumatra. Hy gie werom nei Nederlân neidat er oanklage wie fanwegen de dea fan 7 plantaazje-arbeiders.
Jacob Theodoor Cremer naam de lieding fan it bedriuw oer. Nienhuys bleau in rol spyljen yn it bedriuw. Hy waard in tige begoedige man al neigeraden dat it bedriuw groeide en de oandielekoers omheech gie.
Bouaktiviteiten
bewurkje seksjeIen fan syn filantropyske beuzichheden yn Nederlân wie de finansiering fan de Maatschappij voor Volkswoningen yn Amsterdam. Yn Baarn wie er yn 1885 ien fan de partisipanten dy't it Badhotel yn Baarn bouwe lieten. Dêr flakby, oan de Julianaleane yn it Prins Hendrikpark liet er yn 1884 Filla Medan sette. It hûs waard neamd nei de stêd Medan op Sumatra.
Yn 1888 liet er yn Amsterdam it stedskastiel Herengracht 380-382, mei hast alle keamers yn in oare styl, bouwe troch de arsjitekt Abraham Salm. Tsjintwurdich is dêr it NIOD Instituut voor Oorlogs -, Holocaust - en Genocidestudies fêstige.
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Jacob Nienhuys fan Wikimedia Commons. |