Jacob Slagter
Jacob Slagter (Kollum, 1958) is in hoarnist en dirigint.
Jakob Slagter spile doe't er fjirtsjin wie al as solist by it Noardnederlânsk Orkest. Hy hat de Muzyk-pedagogyske Akadeemje yn Ljouwert dien, en doe studearre oan it Keninklik Konservatorium yn De Haach by Oldrich Milek. Sûnt 1981 spilet er by it Konsertgebou-orkest; fan 1985 oant 2008 wie er dêr solo-hoarnist. Fierders is er learaar oan it Sweelinckkonservatorium yn Amsterdam, en spilet er ek keamermuzyk. Hy is lid fan it Fodor-kwintet (in blaaskwintet) en hy wurke op mei Emmy Verhey en Jaap van Zweden. Slagter is haadfakdosint hoarn oan it Konservatoarium fan Amsterdam. Cd-opnamen makke er ûnder oaren fan de hoarnkonserten fan Mozart.
As dirigint late Slagter konserten fan ûnder mear it Noard Nederlânsk Orkest, it Geldersk Orkest en Hollân Symfonia. Slagter is sjef-dirigint fan it Nederlânsk Fanfare Orkest.
Prizen
bewurkje seksjeYn 1988 hat Slagter de Nederlânske Muzykpriis krigen, en begjin 2006 it Gouden Fioeltsje.