Jacob Spoelstra
Jacob Spoelstra (Burgum, 19??) is in kabaretier en stand-up comedian út Almeare. By it automatisearringstydskrift 'De Computable' hat er alle wiken in eigen kollumn.
Spoelstra is berne yn Burgum, nei trije moanne is er ferhuze nei Hurdegaryp en wenne ek noch in skoft yn Kollum. As studint yn de stêd Grins wie er sjonger/gitarist by de groep Leatherhouse Roots. Doe't Leatherhouse Roots yn1999 stoppe stie er earst yn it foarprogramma fan Laos, de groep dêr't syn broer Sjoerd yn spile mar ein 1999 folge in oantal solo optredens. De lietsjes dy't hy komponearre binne yn ferskate muzykstilen. Rock, pop, folk, grunge en country komme allegear foar, yn it Nederlânsk, Frysk en Ingelsk. Yn maart 2000 makke hy de single De zon schijnt over Groningen en yn juny 2000, tegearre mei syn suske Mintje, it lietsje Slagveld zonder vijand. It liet is makke foar it benefytkonsert foar de slachtoffers fan de fjoerwurkramp yn Ynskedee.
Spoelstra begûn pas op lettere leeftiid mei Nederlânsktalich kabaret neist syn wurk as kommunikaasjemeiwurker by in ICT-bedriuw. Yn it neijier fan 2004 die hy mei oan in iepen poadium. In jier letter wie hy aktyf as stand-up comedian sûnder dat syn omjouwing it wist. Oant hy yn de finale stie fan Knock-out Comedy 2005. Yn 2006 helle hy de finale fan it AKF Stand-up Comedy Concours. Ek krige er de oanmoedigingspriis Knock-Out Comedy 2006. Jacob tourt mei it stand-up comedy selskip 'Night of Comedy' lâns Nederlânske teaters. Hy stie al op festivals as Lowlands, Xnoizz Flevo Festival en de EO Jongereindei. Ek toert er mei 'Kleinzalig'.
Hy bringt faak wat ûnderkuolle humor, set minsken op de ferkearde foet en kin drûch út de hoeke komme mei wurdboarterij lykas Herman Finkers en eartiids Fons Jansen. Sa brûkt er ek one-liners as: At alles meirint ha wy moarn in optocht en Better ien te min as twa te folle.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |