Jacob van Sluis
Dr. Jacob van Sluis (Frjentsjer, 13 septimber 1953) is teolooch en filosoof. Mei Alfred Denker en Harald van Veghel foarmet hy de redaksje fan de Heidegger-rige. Under oare foar it tydskrift Filosofy skriuwt Van Sluis artikels en resinsjes. Hy wurket as kolleksjefoarmer by de Universiteitsbibeteek Grins en is kolleksjefoarmer by Tresoar yn Ljouwert.
Folge de HBO-oplieding foar gemysk analist yn Ljouwert. Studearre oan de RUG Teology en Filosofy en skreau in tsjerkehistoarysk proefskrift oer Herman Alexander Roëll (1988) en in dissertaasje Denkwegen en Dwaalwegen oer de filosoof Martin Heidegger (1997). Wurke fan 1995-1999 oan de Universiteit Utert en fan 1999-2000 oan de Teologyske Universiteit Kampen. Van Sluis is as fakreferint Teology & Filosofy ferbûn oan de Universiteitsbibleteek fan de RUG. Wurket mei oan de Nieuwe Encyclopedie van Fryslân.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |