Jacobus Petrus Besteman

Jacobus Petrus Besteman (Badhoevedorp, 22 maaie 1921) [1] wie in Nederlânske SS'er, nazy-kollaborateur en oarlochsmisdiediger.

By de Aktion Silbertanne fermoarde hy de boargemasters Piet Smulders fan Someren en Willem Wijnen fan Asten op 15 augustus 1944. Fierder fermoarde er tegearre mei SS'er Heinrich Boere de Bredaaske apteker Fritz Hubert Ernst Bicknese.

Nei de Twadde Wrâldoarloch waard Besteman yn 1946 troch it Bysûndere Gerjochtshôf yn Den Bosch feroardiele ta de deastraf. Keninginne Wilhelmina joech him lykwols graasje, sadwaande waard syn straf omset waard yn libbenslang, wêrnei't er nei 13 jier frijlitten waard út de finzenis.[2]

Doe't Heinrich Boere opnij foar de rjochter ferskine moast foar oarlochsmisdieden, liet it Iepenbier Ministearje Besteman oproppe as iennige oerbleaune tsjûge fan de Silbertanne-moarden. Om 't er earder al witte litten hie net as tsjûge foar it gerjocht ferskine te wollen, waard er troch it Iepenbier Ministearje yn de gelegenheid steld om te tsjûgjen fia in fideoferbining.[3] Besteman ferklearre net wis te wêzen oft Boere de Bredase apoteker Bicknese deasketten hie.[4]

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Traces of war, tracesofwar.com, rieplachte 17-9-2022
  2. SS-getuige niet naar proces Boere, The Karskens Times, 20 oktober 2009
  3. Rotterdammer getuigt tegen Boere, Trouw.nl, 8 januari 2010
  4. Laatste levende getuige in proces Boere, L1.nl, 15-01-2010