Jacobus Pierson Tholen

Jacobus Pierson Tholen (Ljouwert, 20 septimber 1764 - Frjentsjer, 20 septimber 1824) waard yn 1788 lektor wiskunde en yn 1797 heechlearaar yn de wis-, fêstingbou- en ierdrykskunde yn Frjentsjer. (Teffens lei er him ta op de Grykske, Romeinske en Easterske talen.)

Tholen wie ek lid fan de gemeenterie fan Frjentsjer, fan de kommisje dy't mjitten en wichten regele yn Ljouwert, en sûnt 1805 lid fan de Provinsjale Steaten.

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Brouwer, J.H., J.J. Kalma, W. Kok, en M. Wiegersma, red., Ensyklopedy fan Fryslân, (Amsterdam: Elsevier, 1958) Tholen, Jacobus Pierson.
  • Van der Aa, Biografysk Wurdboek fan de Nederlannen, Jacobus Pierson Tholen