Jacques La Ramée
Jacques La Ramée (yn Kebek, 8 juny 1784 – oan 'e rivier de Laramie yn 'e Feriene Steaten, 1821), ek wol La Remy, La Ramie of Laramée neamd, wie in Frânsk-Kanadeesk pelshanneler en pelsjager (trapper, Mountain Man) dy't 1815 nei de Amerikaanske steat Wyoming ferfear.
Yn it jachtseizoen fan 1820 as 1821 gie er der opút yn de omkriten fan de rivier de Laramie. Doe't er de oare jiers weibleau, waard der in syktocht nei him organisearre. De ferslaggen oer syn ferdwining ferskille, mar in protte konkludearje dat er deadien waard troch de Arapaho, dy't dat oars fûl ûntkenden. Alhoewol't der fierders net folle oer syn libben bekend is waarden dochs tal fan plakken yn Wyoming nei him ferneamd: de Laramie (rivier), de stêd Laramie, Fort Laramie, Laramie Peak en Laramie County.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |