Jacobus Hubertus Schreurs (Sittard, 9 febrewaris 1893Weert, 31 jannewaris 1966) wie in Nederlânske pryster, dichter en skriuwer dy't fral bekend waard fan syn boek "Kroniek Eener Parochie" dêr't de ferneamde telefyzjerige út de jierren 70 Dagboek van een herdershond op basearre is.

Jacques Schreurs

Schreurs wie pater fan de kongregaasje Misjonarissen fan it Hillich Hert. Hy wenne yn it kleaster fan dy kongregaasje te Stein, ûnder Geleen, dêr't tusken 1914 en 1926 de doe grutste en modernste stienkoalmyn fan Europa boud waard, de Steatsmyn Maurits.

De 3-dielige roman "Kroniek Eener Parochie" is skreaun tusken 1941 en 1948 en giet oer de ûnderfinings fan Schreurs as kapelaan yn de mynkrite fan Limburch.

Jacques Schreurs is yn Stein beïerdige, op begraafplak yn it patersbosk tichteby Kastiel Stein.

Keppelingen om utens

bewurkje seksje