Jakob Ammann
Jakob Ammann (12 febrewaris 1644 – tusken 1712 en 1730) wie in predikant fan de menisten yn Switserlân.
Libben
bewurkje seksjeJakob Ammann waard berne om 1656 hinne yn it plak Erlenbach im Simmental yn Switserlân. Syn krekte bertejier is net bekend. Yn 1696 wenne hy yn de regio Sainte-Marie-aux-Mines yn de Elzas. Syn namme is weromfûn op in list út 1708 dy't tekene wurde moast troch alle menisten yn de Elzas.
De lear fan Ammann
bewurkje seksjeAmmann wie it net iens mei de lear fan de menisten yn it 17e iuwske Switserlân. Yn 1693 gong hy yn it Switserske Emmental by ferskate doperske mienskippen del. Dêr fertelde hy de menisten dat se twa kear yn 't jier kommuny dwaan moasten ynstee fan ien kear. Hy wie ek fan betinken dat kristenen elkoars fuotten waskje moasten by de kommuny, as teken fan hearrigens oan Kristus. Ammann woe de suvere lear en spirituele dissipline werom hawwe. It trimmen fan it burd waard troch him ferbean en ek it dragen fan nijmoadrige klean mocht net. Ammann woe gjin kontakt tusken ekskommunisearre mienskipsleden (dy't bûten de tsjerke set binne) en oare leden.
De suggestjes fan Ammann laten ta in skieding tusken syn folgers en oare menisten yn de Elzas en Switserlân. De folgers fan Ammann wurde Amish neamd.
Keppelings om utens
bewurkje seksjeOfbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Jakob Ammann fan Wikimedia Commons. |
- Jakob Ammann yn de Global Anabaptist Mennonite Encyclopedia Online