James Howard (wiskundige)
James P. Howard II (Dayton, 1979) is in Amerikaansk wiskundige by it Johns Hopkins Applied Physics Laboratory, dêr't er wurket as in datawittenskipper en statistikus.
Iere libben
bewurkje seksjeHoward waard yn 1979 berne yn Dayton yn Ohio en gie nei skoallen yn súdwesten fan dy Amerikaanske steat. Hy behelle yn 2014 syn doktoraat yn iepenbier belied oan 'e Universiteit fan Marylân, Baltimore County. Syn ûndersyk rjochte him op de ekonomyske kosten fan it National Flood Insurance Program.
Karriêre
bewurkje seksjeHoward is in wittenskipsman by it Johns Hopkins Applied Physics Laboratory, dêr't syn wurk him rjochtet op datawittenskippen. Dêrneist hat er lieding jûn oan ûndersykprojekten oer blockchain, augmented reality, en folkssûnens. Howard ûnderhâldt ek de R-package-phonics foar fonetyske staveringen yn 'e programmeartaal R.
Howard is yn 2011 tafoege oan de Hof fan Berop foar Howard County, dêr't er dielnommen hat oan in tal kontroversjele lângebrûksbesluten. Dêrneist is Howard sûnt 2006 lid fan de Definsjemacht fan Marylân, dêr't er fungearre hat as haad ynfomaasjemanagement. Hy wie ek lid fan de Howard County Charter Review Commission yn 2019 en rette feroaringen oan om ôfgrinzing fan kiesdistrikten ûnôfhinklik te meitsjen en it proses sa te isolearjen fan politike ynfloed. Howard wie yn 2018 kandidaat foar it Hûs fan Offurdigen fan Marylân en ek foar ôffurdige foar Elizabeth Warren foar de Demokratyske Nasjonale Konvinsje fan 2020.
Underskiedings
bewurkje seksje- Lid fan 'e British Computer Society
Keppelings om utens
bewurkje seksje* Official website