Jamison-delling

(Trochferwiisd fan Jamison Delte)

De Jamison-delling is in part fan de kleau fan de Coxsrivier yn de Blue Mountains fan New South Wales. It leit likernôch 100 kilometer westlik fan Sydney, de haadstêd fan New South Wales, en in pear kilometers súdlik fan Katoomba, de wichtigste stêd fan Blue Mountains.

Sicht oer de Jamison-delling by Wentworth Falls.

De delling hat de namme krigen fan Sir John Jamieson (1776-1844). It wie gûverneur Lachlan Macquarie dy't de delling de namme joech. Jamieson wie in wichtich lânbesitter en dokter, dy't yn 1815 mei de gûverneur de Blue Mountains besocht. Letter, doe't de doarpen yn de omkriten harren al ûntwikkelen, hat Charles Darwin yn dit gebiet west. Hy slepte by de Weatherboard Inn yn Wentworth Falls yn 1836, en makke in kuiertocht by de Jamison Creek lâns oant de kliffen fan de Jamison-delling, dêr't hy bot ûnder de yndruk wie fan it gehiel. Syn rûte is no de Darwins Walk neamd. De kuiertocht begjint by Wilson Park, dan nei Wentworth Falls en troch nei de Jamison Creek oant boppe-oan de kliffen.

 
Mount Solitary

De Jamison-delling rint fan it noard-easten krekt bûten Katoomba oant oan de Coxsrivier. Yn dizze rjochting is de delling likernôch tolve kilometer lang. Fan it westen nei it easten rint de delling fan Narrow Neck Plateau oant Kings Tableland oan ta, wat de delling hast tsien kilometer breed makket. Lykas gâns de regio fan Sydney en de Blue Mountains, bestiet ek it gebiet fan de Jamison-delling út sânstien.

De delling is tige beboske, mei oer it grutste part fan it gebiet eukaliptus beammen. Op plakken mei mear wetter, binne der ek semi-reinboskbeammen te finen. De noardlike klif is bot kartele. Dat komt troch de miljoenen jierren fan wettererodaazje. Wetterrinnen binne bygelyks Jamison Creek, Valley of the Waters Creek, Gordons Creek, Leura Falls Creek, Kedumba River en Causewau Creek. Ek binne der in stik as wat wetterfallen, wêrûnder Wentworth Falls, Empress Falls, Vera Falls, Gordon Falls, Leura Falls en Katoomba Falls.

 
De Ruined Castle, in plak dêr't in protte kuierders op ôf komme.

Yn dit part fan de delling hat der lange tiid in rioelsuveringsynstallaasje sitten. De ynstallaasje is sletten yn de 90'er jierren fan de 20e iuw.

De ienichste berch fan de delling is Mount Solitary, dy't fan east nei west yn de delling rint. Hy is ferbûn mei it Narrow Neck Plateau troch in lange berchkaam, dêr't ek de Ruined Castle op stiet, in grutte stienformaasje dêr't benammen in protte kuierders op ôf komme.

Súdlik fan Mount Solitary, komt de delling út by de Coxsrivier en Lake Burragoran; de mar is ûntstien nei de bou fan de Warragamba-Daam. Dêr is in stik fan trije kilometer lân dat ferbean is foar it publyk om it wetter foar Sydney te beskermjen. Troch it gebiet rint ek in heechspanningslieding fan east nei west.

Aktiviteiten

bewurkje seksje

De Jamison-delling is in populêr gebiet foar kuierders en kampearders. Der is in grut netwurk fan kuierrûtes troch it noardlike part fan de delling, wêrûnder de Darwins Walk. Fierders binne der ek kuierrûtes by de kliffen fan Leura en Katoomba.

Guon kuiertochten duorje wol trije dagen. Oefene kuierders kinne lykwols yn ien dei nei Mount Solitary rinne.