Jan Bonga († 1580) wie in wettergeus en grytman fan West-Dongeradiel tusken 1560 - 1567. Hy wie lid fan it Ferbûn fan Eallju (1566). Yn 1567 wenne er yn ballingskip yn Emden.

19e-iuwske ôfbylding fan de wettergeuzen Jacob Cabeliau en Jan Bonga

Bonga focht by Heiligerlee en Jemgum en waard yn 1569 wettergeus. Yn 1570 plondere hy Hylpen en die in ynfal yn Fryslân yn 1572. Nei syn besetting fan de stêden Snits en Boalsert waard er wer ferjage. Doe't er yn 1578 werom kaam krige er fan de Greve fan Rennenberg yn 1579 it befel oer Boalsert.

Yn 1580 waard er by in gefjocht yn Grinslân deadlik ferwûne.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Brouwer, J.H., J.J. Kalma, W. Kok en M. Wiegersma, red., Encyclopedie van Friesland, (Amsterdam: Elsevier, 1958), Bonga, Jan.