Jan Dirks Ankringa
Jan Dirks Ankringa (Ljouwert, 17 april 1793 - dêre, 21 jannewaris 1860) wie in klassikus.
Ankringa wie konrektor oan de Latynske skoalle, lid fan it Frysk Genoatskip en fan Constanter. Hy skreau Fryske religieuze poëzij en oersettings yn jierboekjes en sa. Teffens skreau er in Proeve van de geschiktheid der Friesche taal voor het verhevene (1857), dêr't in part fan Aeschylus syn Agamemnon yn oersetting opnaam wie.
Fierders Nederlânske poëzij yn 'Dichterlijke Nalatenschap', mei oersettingen fan klassiken (Boalsert, 1872).
Keppeling om utens
bewurkje seksje- Wiidweidiger biografy yn it Biografysk portaal fan Nederlân
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Brouwer, J.H., en oaren (red.), Encyclopedie van Friesland, Amsterdam: Elsevier 1958, Ankringa, Jan Dirks. |