Jan Hendrik Heijmans
Jan Hendrik Heijmans (Ljouwert, 19 febrewaris 1806 - Arnhim, 26 maaie 1888) wie in Frysk skilder.
Hy wie in learling fan Willem Bartel van der Kooi. Yn 1840 besocht er München en Dresden yn Dútslân. Dêrnei wenne en wurke er in skoft yn Swol, yn alle gefallen fan 1842 oant 1844. Fan 1852 oant syn dea wenne er yn Arnhim.
Heijmans skildere sjenrestikken, portretten, figuerfoarstellingen en ynterieurs. Dy lêsten almeast by kears- of lampeljocht.
Cornelis Marinus Willem Mongers (1806-1875) wie in learling fan Heijmans
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |